Bestel hjir jo kaarten!

Foar sawol it stik 'Wat binne wy moai fuort net' op 17, 18 & 19 jannewaris spile fan it jongereintoaniel as it stik 'Neat te ferbergjen' spile op 1, 7, 8 & 22 febrewaris kinne jo online kaarten bestelle.

Kaarten bestelle

In jûn fol teater

Earst spilet de jopngerein fan Nyegea in ienakter en dernei spilet Nij Begjin harren ienakter. It wurd in jûn fol teater! De jongerein fan Nyegea spylje ‘5%Lov’. Dit stik spilet him ôf yn de keet It Jisterke. It is hartstikke gesellich mar dan feroaret de sfeer. Komt it wol goed? ‘In lokkige jierdei?’ giet oer […]

It sit der op! Fiif kear Boartsje mei fjoer!

Yn totaal fiif jûnen, mear as 900 besikers op de tribune en in soad positive reaksjes op it iepenloftspul! In soad energy is yn Boartsje mei fjoer stutsen troch de spilers, de skriuwer, rezjy, frijwilligers, technyk en alle oaren dy meiwurke hawwe. It resultaat mocht der wêze en wat kinne wy mei syn allen grutsk […]

Der binne noch kaarten foar jûn (7 juny) beskikber!

Jûn is de ekstra útfiering fan Boartsje mei fjoer. Justerjûn wie op ‘e nij in grut sukses en dat hoopje wy jûn troch te setten. Der binne noch in tal kaarten te krijen, dus wolle jo derby wêze en it iepenloftspul net misse? Bestel dan jo kaarten per mail fia nijbegjin@gmail.com of kom lâns, der […]

Ekstra útfiering Boartsje mei fjoer

It iepenloftspul Boartsje mei Fjoer is in grut sukses, sa grut sels dat der njonken de noch beskikbere kaarten fan freedtejûn, der op o.s. tongersdei 7 juny in ekstra útfiering is! Wolle jo hjir graach by wêze? De kaarten binne fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31 (tusken 19.00 en 21.00u yn de jûn) of per mail fia […]

BREAKING! Premjêre giet NET troch!

Yn ferbân mei waarsomstannichheden giet de premjêre jûn NET troch. De útfiering wurdt ferpleatst nei kommende woansdei 6 juni. De oanfangstiid en lokaasje bliuwe itselfde. Oant woansdei de 6e.

Tink om jo rûte oansteande freed

Foar it publyk dat mei de premjêre op 1 juny nei Nyegea komt advisearje wy om foarôf goed de rûte te kontrolearje. Dit omdat de Waldwei (N31) fanôf freedtejûn 1 juny oant sneontemoarn 2 juny troch weiwurksumheden sletten is. It advys is om in alternative rûte te brûken.

Wy binne der omtrint klear foar!

Hjoed is de technyk pleatst neidat ôfrûne sneon de tribunes boud binne. Dizze wike noch in oantal rippetysjes en in generale foardat o.s. freed de premjêre fan ‘Boartsje mei fjoer’ plakfynt! Wolle jo hjir ek by oanwêzich syn? Der binne noch in tal kaarten beskikber! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31(tusken 19.00 en 21.00u in […]

De kaartferkeap is fan start!

De útfieringen komme tichterby. Oer in lytse 2 moannen stean wy al op de planken mei ‘Boartsje mei fjoer’! Wolle jo hjir ek by wêze? Fanôf jûn start de kaartferkeap! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31 (tusken 19.00 en 21.00u yn de jûn) kinne jo jo kaarten bestelle. Wy sjogge jo graach op 1, 2, 8 of 9 juny yn Nyegea.

Spesjale jûn 100 jier T.S. Nij Begjin

Yn it ramt fan dit 100 jierrich jubileum fan Nij Begjin hawwe in film fan likernôch in oere makke. In ôfwikseling fan hichtepunten, spesjale en bysûndere mominten en byldmateriaal fan alle tiden. Ek wurdt dizze jûn in ienakter útfiert. Dizze ienakter hjit “Belje Dokter” en draait om it bestjoer fan in toanielferiening dy’t in gearkomste […]

Type je zoekwoorden hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk ESC om te annuleren.

Terug naar boven