It sit der op! Fiif kear Boartsje mei fjoer!

Yn totaal fiif jûnen, mear as 900 besikers op de tribune en in soad positive reaksjes op it iepenloftspul! In soad energy is yn Boartsje mei fjoer stutsen troch de spilers, de skriuwer, rezjy, frijwilligers, technyk en alle oaren dy meiwurke hawwe. It resultaat mocht der wêze en wat kinne wy mei syn allen grutsk wêze dat wy dit as mienskip realisearre hawwe. It wie genietsjen om dizze produksje del te setten en wy binne bliid dat wy safolle besikers ferwolkomje mochten op de lokaasje van de Hegewei yn Nyegea!

Der binne noch kaarten foar jûn (7 juny) beskikber!

Jûn is de ekstra útfiering fan Boartsje mei fjoer. Justerjûn wie op ‘e nij in grut sukses en dat hoopje wy jûn troch te setten. Der binne noch in tal kaarten te krijen, dus wolle jo derby wêze en it iepenloftspul net misse? Bestel dan jo kaarten per mail fia nijbegjin@gmail.com of kom lâns, der is foar jûn ek ferkeap oan de kassa. De útfieringen fan moarn en oaremoarn binne al hielendal útferkocht!

Ekstra útfiering Boartsje mei fjoer

It iepenloftspul Boartsje mei Fjoer is in grut sukses, sa grut sels dat der njonken de noch beskikbere kaarten fan freedtejûn, der op o.s. tongersdei 7 juny in ekstra útfiering is! Wolle jo hjir graach by wêze? De kaarten binne fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31 (tusken 19.00 en 21.00u yn de jûn) of per mail fia nijbegjin@gmail.com te bestellen.

Tink om jo rûte oansteande freed

Foar it publyk dat mei de premjêre op 1 juny nei Nyegea komt advisearje wy om foarôf goed de rûte te kontrolearje. Dit omdat de Waldwei (N31) fanôf freedtejûn 1 juny oant sneontemoarn 2 juny troch weiwurksumheden sletten is. It advys is om in alternative rûte te brûken.

Wy binne der omtrint klear foar!

Hjoed is de technyk pleatst neidat ôfrûne sneon de tribunes boud binne. Dizze wike noch in oantal rippetysjes en in generale foardat o.s. freed de premjêre fan ‘Boartsje mei fjoer’ plakfynt! Wolle jo hjir ek by oanwêzich syn? Der binne noch in tal kaarten beskikber! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31(tusken 19.00 en 21.00u in de jûn) kinne jo jo kaarten bestelle.

De kaartferkeap is fan start!

De útfieringen komme tichterby. Oer in lytse 2 moannen stean wy al op de planken mei ‘Boartsje mei fjoer’! Wolle jo hjir ek by wêze? Fanôf jûn start de kaartferkeap! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31 (tusken 19.00 en 21.00u yn de jûn) kinne jo jo kaarten bestelle. Wy sjogge jo graach op 1, 2, 8 of 9 juny yn Nyegea.

Spesjale jûn 100 jier T.S. Nij Begjin

Yn it ramt fan dit 100 jierrich jubileum fan Nij Begjin hawwe in film fan likernôch in oere makke. In ôfwikseling fan hichtepunten, spesjale en bysûndere mominten en byldmateriaal fan alle tiden.

Ek wurdt dizze jûn in ienakter útfiert. Dizze ienakter hjit “Belje Dokter” en draait om it bestjoer fan in toanielferiening dy’t in gearkomste hat as tarieding op it jubileumjier fan de feriening. Hoe tapaslik wolle jo it hawwe? It bestjoer bestiet út allegear ferskate karakters en der spylje allerhande saken trochhinne dy’t jo ek ferwachtsje kinne by in bestjoer fan in toanielferiening fan in lyts doarp. Hjir en dêr hawwe dit stik in bytsje oanpast oan de situaasje fan ús eigen feriening.

Dizze jûn is op saterdei 10 febrewaris 2018 om 20.00 oere yn doarpshûs Op ’e Jister te Nyegea. De yntree is €5,-.

Graach sjogge wy jo dan, mar wês op tiid want fol is fol.

‘Boartsje mei fjoer’ is ús nije stik

T.S. Nij Begjin docht it dit jier oars as oars. Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd spylje wy dit jier it stik ‘Boartsje mei fjoer’. It stik wurdt op lokaasje spile, wat it oan de ene kant al oars makket. It is skreaun troch Hein Westerhof en de rezjy is yn hannen fan Tineke Broers.

‘Boartsje mei floer’ giet oer in dûbele moord dy ’t plak fûn hat yn it jier 1867 oan de Hegewei yn Nyegea. In stik basearre op in gebeurtenis wat bart is yn ús eigen doarp.

De foarferkeap fan kaarten foar de útfieringen yn juny sil op moandei 16 april oansteande útein sette by Femke de Boer. De kaarten kinne fanôf 16 april reservearre wurde fia till. nr.: 06 10 77 04 31 tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.