‘De komyske Italjaanske film Perfetti Sconosciuti út 2016 fan regisseur Paolo Genovese hat de jonge Fryske regisseur Tsjerk Bottema ynspirearre om der in Fryske toanielbewurking fan te meitsjen. En dy mei der wêze. It skript is gaadlik foar in foarstelling mei ynhâld en útdaagjend spylnivo. De humor yn wrange situaasjes docht yn Nyegea wat mei it publyk. Der wurdt faak reagearre ‘.
Hjoed in moaie resinsje yn it Friesch Dagblad! Wy spylje noch op 7,8 en 22 febrewaris.